Hoofdtekst
Tichte by de Fjouwer Roede is de Spoekloane. Der wie us in man dy roan dêr lâns. 't Wie by nacht. Piter hiet dy man. Hy hie jild bard en ek nochal moai hwat.
Doe't er in eintsje op stap wie, stie der in dikke swarte houn.
Piter wie in bytsje skruten, mar hy bearde fan net. Hy struts de houn oer de kop en sei: "Bistû dêr? Bêste houn." De houn mocht dêr wol oer.
"Kom mar mei my, hear", sei Piter. Dat die de houn en hy die Piter neat.
Doe't er in moai ein fierder wie, kamen der twa keardels út 'e wâl wei. Dy wisten, dat hy dêr lâns moest.
"Hjir de sinten", seinen se, mar doe woarden se de houn gewaer.
"Hwer hastû dy houn wei", seinen se. De houn liet de tosken sjen en bigong to brommen.
"'t Kin jimme neat skille", sei Piter.
Doe binne de beide mannen ôfset, sy wienen bang foar de houn. De houn hat Piter it leven ret.

Beschrijving
Een rijke man wordt op zijn tocht naar huis plotseling begeleid door een dikke zwarte hond. De hond is zijn beschermer: het dier verhindert twee schurken de rijkaard te beroven.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 334, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
9 februari 1968
Naam Overig in Tekst
Fjouwer Roede   
Piter   
Naam Locatie in Tekst
Spoekloane   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21