Hoofdtekst
Myn broer Kees soe us op in joun nei de faem ta. Dy wenne yn Feansterheide oan 'e Fjouwer Roede.
"As der in duvel is, dan wol 'k him wol us sjen", sei er. Mar doe hied er tofolle sein.
De jouns healwei achten gong er nei de faem ta. Hy wie ûnderweis. Doe kom der him ien op side.
"Goeije navend", sei Kees.
Mar hy krige gjin antwurd.
"Goeije navend", sei Kees noch us wer.
Mar dy oare sei wèr neat.
Hy gong stiif njonken Kees lâns. Kees moest it damke yn fan it húske, dêr't syn faem Griet wenne. Doe klettere earst dy oare oer de barte, krekt as in hynder mei fjouwer poaten.
Doe't er by Griet yn 'e hûs kaem, koe Griet Kees net. Hy hie yn 't swit dreaun. Sa binaud hied er west.

Onderwerp
SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   
Beschrijving
Een spotter pocht de duivel wel eens te willen zien. Als de man vervolgens oog in oog staat met de duivel, breekt het angstzweet hem uit.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 334, verhaal 13 (archief MI)
Commentaar
9 februari 1968
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).
Naam Overig in Tekst
Kees   
Fjouwer Roede   
Griet   
Naam Locatie in Tekst
Feansterheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21