Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ033511

Een sage (mondeling), vrijdag 16 februari 1968

Hoofdtekst

Doe't ús heit in jonge wie fan in jier of sawntsjin, achttsjin, wied er by in boer yn 't wurk. Hy sliepte thús yn 't bûthús yn in bêdsté achter de kij.
Moarns bitiid moest er by de boer wêze. Dan wie by 't winterdei alles noch tsjuster.
Hy fortelde, dat alle moarnen, yn 'e neinacht roan der hwat oer syn boarst hinne. Dat gyng hiel fluch. 't Wie ek samar wer fuort.
Doe seinen se tsjin him: "Dat mat in nachtmerje wêze. Nachtmerjes binne fluch en dy komme nachts by jin. Sy kinne har yn allerhande gedaenten foroarje."
Hy sei: "Hwat mat ik der oan dwaen?"
Doe seinen se: "Dû mast lizze mei de earms wiid-út. As sy der dan oankomt, mast de earms hurd tichtslaen, dan hast har fangd."
Heit gong dy jouns op bêd lizzen mei de earms út elkoar. Dy nachts fornom er de nachtmerje oankommen. Doe't se op syn boarst wie sloech er mei de rjochterearm ta. Hiel bot en samar ynienen. Doe hearde er: 'knap'.
"Och heden", tocht er, hwat ha 'k nou dien. Ik ha poes deamakke. Hwant it hie sacht oanfield.
In eintsje fan 't bêdsté hie in kroade stien mei de beide hantfetten omheech.
Doe't hy der de moarns ôfkaem wie er 't hiele gefal forgetten. Hy gong nei de boer, en tocht der net wer om.
Mar doe't er de jouns thús kaem, sei syn mem tsjin him: "Nou kinstû noait riede, hwat ik hjoed yn 't bûthús foun ha. In murd! In deade murd! Ik haw him ek al forkocht, dat wy ha in goeije dei."
De nachtmerje, dat hie in murd west. Pake hie him mei de earm sa'n trewinkel jown, dat hy wie tsjin 'e stokken fan 'e kroade oankaem en fuortdaliks dea west.

Onderwerp

SINSAG 0797 - Mensch von Mahr beritten; Mahr wird ertappt.    SINSAG 0797 - Mensch von Mahr beritten; Mahr wird ertappt.   

Beschrijving

Een knecht voelt in de nanacht altijd een nachtmerrie over zijn borst rennen. Als de nachtmerrie weer eens op hem klimt, slaat de knecht hard de armen ineen. De nachtmerrie blijkt een bunzing: het dier is morsdood.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 335, verhaal 11 (archief MI)

Commentaar

16 februari 1968
Mensch von Mahr beritten; Mahr wird ertappt.

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21