Hoofdtekst
Bôkke Noordman wie noch feint. Hy wie tige oan 'e drank.
Op in kear gong er fan 'e Harkema nei Surhústerfean to skearen. Werom gong er by âlde Durk Lútsens oan. Dy wie skuonmakker. Dy hie syn skuon yn reparaesje.
"Kom," sei er, "tusken tolven en ienen
dan is alles op de bienen."
Doe kom er oan Willem Hofstede ta, dêr lei in skeane tippe groun. Doe't er oan dy tippe ta wie, koed er ynienen net fierder komme. Der wie in hiele dikke swarte damp fóár him. Hy gong werom. Mar doe tocht er: "'k Sil 't nòch us bisykje." Mar 't wie krektgelyk: in swarte damp dy't him kearde.
Doe gong er werom nei Willem Hofstede. Dêr kloppe er de lju út bêd wei. Doe binne Willem en dy syn broer mei him op roan. Der gong in fûgeltsje mei, dat gong hyltyd njonken him lâns.
Doe't se by in buorkerij kommen moesten se oer in brechje en doe wie Bokke thús.
Willem en syn broer gongen werom.
Bokke syn mem en syn broer sieten togearre noch op him to wachtsjen. Dat wie fanwege syn dronkenskip. Doe't Bokke der yn kom, bigongen alle kopkes en pantsjes op 'e tafel to dounsjen. 't Hiele hûs like wol yn opskuor to wêzen.
Bokke slepte boven op 'e souder. Doe't er op bêd lei, siet it fûgeltsje op 'e nael fan it dak. Dat wie de duvel.

Onderwerp
SINSAG 0933 - Begegnung mit dem Teufel, welcher verschiedene Gestalten annimmt.   
Beschrijving
Een alcoholist op weg naar huis kan zijn weg niet vervolgen omdat een dikke zwarte damp hem plotseling omringt. Als hij terugloopt, blijft een klein vogeltje hem vergezellen. Thuis beginnen alle kopjes en pannetjes op de tafel te dansen. Het is het werk van de duivel.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 336, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
10 februari 1968
Begegnung mit dem Teufel, welcher verschiedene Gestalten annimmt.
Naam Overig in Tekst
Bôkke Noordman   
Durk Lútsens   
Willem   
Willem Hofstede   
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfean   
Harkema   
Bokke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21