Hoofdtekst
Alde Albert Alma, dy't letter mei Tet (in oare Tet) troud is, wie noch feint. It wie in earst raren-ien. It koe him neat skele hwat er die en hwat er sei. De duvel hie macht oer him.
Op in joun doe hied er it wer raer dien. Hy wie thúskom en hie de doar beet krije sild. Mar de doar wie automatysk út him sels foar him iependraeid. En sa wied er ek wer ticht dien, sûnder dat Albert in kruk oanrekke. Mei de keamersdoar gong it krektgelyk. Hy docht in taest nei de kruk, mar 't is net noadich.
Hy sjocht neat. Syn mem seit: "Bist dêr, jonge?"
Sy leit al op bêd.
"Ja", seit Albert.
Albert sil in foarke krije, hwant hy mat noch ite. Mar de foarke wurdt him yn 'e hân treaun. It iten wurdt him automatysk nei de mûle ta brocht.
Hy klaeit him út. De klean wurde foar him op 'e stoel lein.
Hy sil op bêd. De bêdsdoarkes wurde foar him iepen dien. De tekkens wurde foar him oan kant skoud. As er lizzen giet, wurdt er moai bistoppe.
Sà hie de duvel him yn 'e macht!

Beschrijving
Een knecht die in de ban is van de duivel, maakt allerlei vreemde dingen mee: deuren gaan vanzelf open en dicht, vorken worden hem uit het niets in de hand gedrukt, het eten wordt automatisch naar zijn mond gebracht. Ook in bed schikken de dekens zich vanzelf naar zijn lichaam.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 338, verhaal 5 (archief MI)
Commentaar
15 februari 1968
Naam Overig in Tekst
Albert Alma   
Albert   
Naam Locatie in Tekst
Tet   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21