Hoofdtekst
Ruerde Saek helle saterdeijouns altyd boadskippen op yn in âlde sek. Dy boadskippen forkocht se dan wer. Sy wenne yn 'e Smoarhoeke.
Op in kear doe hie se wer boadskippen kocht. Doe't se op 'e Fûgelkamp wie, bleau se stean. 't Wie tichte by de keet fan Albert en Tet.
Doe seach se in lykstaesje. De minsken dy't achter it lyk oanroannen, koe se wol.
Krekt yn dy tiid wie Paulus (Alma) fan Albert en Tet tige siik. De jonge wie sechstjin jier. Ruerde Saek sei: "Hjir gebeurt hwat by Albert en Tet yn 't koart."
Hja fortelde dat oan oare lju en sa kom Tet it ek to hearren. Doe hat Tet nei har ta west to freegjen hwat se sjoen hie. "Is 't wol sa?" frege Tet. "Ja," sei se, "ik liich net."
En 't is ek gebeurd. In skoftsje letter ha se Paulus útdroegen.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een vrouw ziet een lijkstoet passeren en vermoedt dat er een sterfgeval op handen is. Kort daarop overlijdt er een jongen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 344, verhaal 9 (archief MI)
Commentaar
22 maart 1968
Leichenzug gesehen.
Naam Overig in Tekst
Ruerde Saek   
Fûgelkamp   
Albert   
Paulus   
Paulus Alma   
Naam Locatie in Tekst
Smoarhoeke   
Tet   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21