Hoofdtekst
Der wie us in man, dy woe graech koster wurde. Doe kom dat baentsje frij, de âlde koster hâldde op. Mar hy koe net skriuwe en lêze.
Hy nei de dûmny ta. Hy sei sa en sa. "Lêze en skriuwe kin 'k net."
Dat wie fansels net sa moai, sei de dûmny, mar dêr soe it dochs net om oergean. Dûmny soe him in pear fragen dwaen. Dat wie dus in soarte fan eksamen.
Dûmny sei: "Noach had drie zonen: Sem, Cham en Japhet. Wie was nu de vader van Cham?"
De man koe 't noait bitinke.
Hy sei: "Mei 'k Tryn wol even freegje?" Tryn, dat wie syn wiif.
"Jawol", sei dûmny.
Hy nei Tryn ta.
"Bigryp us," sei er, "hwat dûmny my frege. Dûmny sei: 'Noach hie trije soannen. Hwa wie de heit fan Cham?'"
"Domme jonge," sei Tryn, "ús mounder hat trije soannnen: - Jan, Pyt en Klaes. Hwa is nou de heit fan Klaes? -"
"Krekt", sei er.
Hy wer nei dûmny ta. "Ik wyt it, dûmny," sei er, "ik wyt it."
"Wel?" frege dûmny.
"De vader fan Cham," wie 't antwurd, "dat is de molenaar van het dorp." (in âld teltsje fan heit)

Onderwerp
VDK 1810E* - "Wie was de vader van de zonen van Noach?"   
Beschrijving
Een analfabeet wil een vrijgekomen kostersfunctie vervullen. De dominee onderwerpt de ongeletterde man aan een soort 'examen' door hem een paar vragen te stellen. De dominee vraagt wie de vader van Cham was, als Noach drie zonen had: Sem, Cham en Japhet. Als de analfabeet het aan zijn vrouw gaat vragen, antwoordt zij met een soortgelijke vraag 'als de molenaar drie zonen heeft, Jan, Piet en Klaas, wie is dan de vader van Klaas?'. De domme man spoedt zich naar de dominee en roept dat de molenaar van het dorp de vader van Cham is.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 352, verhaal 18 (archief MI)
Commentaar
10 maart 1968
"Wie was de vader van de zonen van Noach?"
Naam Overig in Tekst
Sem   
Japhet   
Tryn   
Jan   
Klaes   
Piet   
Klaas   
Naam Locatie in Tekst
Cham   
Pyt   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21