Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ035405

Een sage (mondeling), vrijdag 08 maart 1968

Hoofdtekst

Sterke Hearke trof us in kear in koopman. Sy fornommen dat se beide like sterk wienen. Sy gongen nei in herberch ta. Dêr bistelden se hwat.
Der sieten in stik of seis, sawn man to swetsen en sy bespotten Hearke en de koopman.
Earst seinen dy neat, mar doe't it oer de skroeven gong, sei de koopman tsjin Hearke: "Giestû even yn 'e doar stean?"
"Ja", sei Hearke.
Doe krige dy koopman ien fan de mannen en smiet him Hearke ta. Hearke smiet him in ein it fjild yn.
Sa dienen se mei al dy mantsjes.
Mar de lêste wie sa binaud, dy raesde: "My net! My net!"
"Dy krektlike goed", sei de koopman.
Doe't Hearke him yn syn hannen krige, smiet er him omtrint oer de feart hinne. Doe moest dyselde út it wetter wei by de wâl opklauwe.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Sterke Hearke gaat met een bevriende - eveneens vreselijke sterke - koopman de kroeg in. Als de twee krachtpatsers uitgedaagd en bespot worden door een groepje mannen, gooien ze de mannen een voor een het veld in.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 354, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

8 maart 1968
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Hearke    Hearke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21