Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ035704

Een mop (mondeling), maandag 01 april 1968

Hoofdtekst

Der wie in doomny, dy stie nochal aerdich goed bikend yn it doarp. Hy wie in preker, dy't op it gefoel wurkje koe. Nou hied er tsjin 'e minsken sein, hy soe tidens de earstfolgjende preek de heilige geest delkomme litte yn 'e foarm fan in wite dou.
Hy hie in faem, dat wie hwat in boeretype, stevich boud, mei goede billen. It wie froeger it gebrûk dat froulju trije rokken oanhienen, mar gjin broek.
Dy moarns doe't de doomny dan de heilige geest dellitte komme soe siet de faem mei in wite dou boven op it dak fan 'e tsjerke. Dêr wie in gat yn makke dêr't se de dou troch litte soe as de doomny it teken joech.
Mar dat dak wie tige min en wrak.
Dêr sei de doomny: "Heilige geest, daal neder." Doe liet de faem de dou troch it gat en dy fleach troch de tsjerke. Mar tagelyk kreake it op 'e boaijem fan 'e souder. Alle minsken sjogge omheech en tinke: hwat is dit. It âlde dak hat him bijown en de faem is der troch hinne sakke, mar de rokken binne der foar stykjen bleon.
De doomny sjocht it en ropt gau: "Al wie naar boven ziet, zal met blindheid geslagen worden."
Skippers binne altyd hwat aparte lju. Der siet in skipper yn 'e tsjerke en dy sei: "Dêr weagje ik ien each oan."
En doe sei er tsjin syn buorman: "Sa'n heilige geest hat myn frou ek."

Onderwerp

AT 1839* - Making Thunder    AT 1839* - Making Thunder   

ATU 1837 - Holy Ghost in the Church    ATU 1837 - Holy Ghost in the Church   

Beschrijving

Een dominee die tijdens de preek graag op het gevoel van de mensen inwerkt, verklaart in de volgende preek de Heilige Geest naar beneden te laten komen in de verschijning van een witte duif. Hij vindt een stevige meid - gekleed in drie rokken, maar zonder broek - bereid op een aangegeven teken een duif door een gat in het dak te laten. Als de meid door het zwakke dak heenzakt, wil de dominee verhinderen dat zijn bedrog uitkomt door hard 'Al wie naar boven ziet, zal met blindheid geslagen worden' te roepen. Een schipper besluit hier een oog aan te wagen en kijkt toch. Hij zegt prompt tegen zijn buurman 'Zo'n heilige geest heeft mijn vrouw ook'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 357, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

1 april 1968
Making Thunder

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21