Hoofdtekst
Der wienen us twa poepen, dy wienen by de boer oan 't wurk. Sy leinen yn 't hûs fan 'e boer op bêd, 't wie yn 'e nacht. De iene poep koe noait yn 'e sliep komme. Hy makke de oare wekker en sei: "Ik ha hjoed to min iten hawn. Ik ha honger. Ik kin net sliepe."
"Wel," sei de oare poep, "dan mast nei de molkenkelder ta gean. Dêr stiet in greate kanne fol sûpenbrij. Der sit in sleef yn. Yt dy dêr sêd fan."
De hongerige poep die lyk as sein woarde en hy iet him goed sêd. Doe tocht er: "Nou mat ik ek in sleeffol meinimme foar myn kameraed. Mar 't wie tsjuster yn 'e hûs en hy kom mei de sleeffol sûpenbrij by 't ferkearde bêd.
't Wie in tige soele nacht en de boerinne lei mei 't bleate gat boppe op 'e tekkens. Hja lei mei de kont by de bêdsplanke del.
De poep tocht dat it syn kameraed wie dy't dêr lei en seach de kont foar in gesicht oan. Hy sei: "Hjir ha 'k ek in sleeffol foar dy." Hy praette sunich, mar de oare sei neat werom.
Doe't er mei de sleef de kont oanrekke bigoun de boerinne ôf to blazen.
"Stil," sei er, "dû hoechst net to blazen. De brij is net hyt." Doe blaesde de boerinne noch us wer ôf.
De poep woarde lulk en smiet de boerinne de brij tsjin 'e kont oan.
Mar doe fornom er dat er by 't forkearde bêd stie en hy makke gau dat er by syn maet kom. Dy fortelde er hwat der gebeurd wie. Dy biloofde him, hy soe neat sizze.
De oare deis kom de boer fan 't bêd. De boerinne wie neat net lekker. Doe seach de boer dat de boerinne mei 't gat yn 'e sûpenbrij lei. Hy tochte dat dy der wer útgien wie. Dy brij wie alhielendal net fortard. Dat doogde net. Der skeelde de boerinne hwat. Dat hy gong fuort nei dokter ta.
Dokter kom, mar hy koe neat fine.
De boer en de boerinne ha noait witen hoe't de foarke yn 'e stâlle siet.

Onderwerp
AT 1691 - "Don't Eat too Greedily."   
ATU 1691 - The Hungry Clergyman   
Beschrijving
Van twee Poepen die bij een boer dienen kan er een 's nachts van de honger de slaap niet vatten. Zijn kameraad raadt hem aan in de melkkelder karnemelksepap te gaan eten. Als de Poep zijn hongergevoel heeft weggegeten, gaat hij met een pollepel pap voor zijn kameraad terug naar bed. Hij vergist zich en belandt bij het bed van de boerin. De boerin ligt in de warme nacht met blote billen bovenop de dekens. De Poep ziet haar achterwerk voor het gezicht van zijn maat aan en begint de pap naar binnen te lepelen. Als de boerin prompt winden begint te laten, denkt de Poep dat zijn maat blaast. Als de Poep in de gaten krijgt wat hij aan het doen is, maakt hij gauw dat hij wegkomt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 360, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
8 april 1968
"Don't Eat too Greedily."
Naam Overig in Tekst
Poepen   
Poep   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21