Hoofdtekst
Op Koatstermoune oan 'e ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Grins dêr stiet in boereplaets oan 'e Noardkant fan 'e wei, tsjinoer de wei dy't nei Koatstertille giet. Dêr is us in kear ynbrutsen woarn troch de Swartmakkers. De swartmakkers dat wienen biruchte ynbrekkers, dy wienen mei roet swart makke. Dy wennen yn Burgumerheide. 't Wienen Brouwers.
Achter by de bûthúsdoar hienen se rútsjes. Op in nacht makken de swartmakkers dat rútsje stikken en sa koenen se oan 'e binnenkant de skoattel fan 'e doar strike. Mar sy hienen yn 'e foarein, by de boer hwat fornom, en doe wienen se dêr stiltsjes hinneslûpt. Doe't se dy hân dêr seagen dy't nei de skoattel taestte, leinen se gau in eintsje tou om 'e pols en doe siet de hân yn in rammestrûp. Doe koe dy swartmakker dêr net wer wei.
Dy selde nachts hat ien fan 'e binde de hân der ôf snien. Hwant oars hie it bikend woarn, hwa't se wienen.

Beschrijving
Leden van een beruchte inbrekersbende, de Swartmakkers, hebben zich met roet zwart gemaakt. Ooit is er bijna een Swartmakker gevangen in een touw aan het sleutelgat. Een andere Swartmakker bevrijdde hem echter.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 361, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
27 maart 1968
Naam Overig in Tekst
Swartmakkers   
Koatstermoune   
Noardkant   
Brouwers   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Grins   
Koatstertille   
Burgumerheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21