Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ036105

Een sage (mondeling), woensdag 27 maart 1968

Hoofdtekst

Yn Readtsjerk, oan 'e Honderdreed stie in boereplaets.
Dêr wennen in omke en in muoike fan ús yn. Dêr is us in kear ynbrutsen woarn by omke syn âlden. Sy hienen dêr in hurdsté mei stientsjes (blauwe tegeltsjes). Ien fan dy stientsjes wie der útnaem, en dêr wie in gleske foar yn 't plak kom.
Wy ha der as bern wol faek trochhinne sjoen. Men koe troch dat rútsje it hiele bûthús oer sjen. As men hwat hearde yn 't bûthús dan seach men troch dat rútsje. Dat wie o sa maklik altyd.
Mar op in nacht, doe leinen âld-omke en -muoike op bêd. Doe hearden se hwat. De houn joech lûd. Omke fan 't bêd en dy seach troch 't rútsje. Doe seach er in pear mannen, dy wienen yn 't bûthús. Sy hienen in kynsenkoer en dêr in heafoarke troch, en dy hâlden se de houn yn 'e bek. Sa kommen se nei foaren.
Doe moesten se noch troch in doar.
Sy hienen omke en muoike al gau oer de flier en 't bêd boven op har.
Doe kommen se yn 't foarhûs. Dêr stie in glês iepen.
Doe seinen se: "Hjir is èk in bêd!"
Mar it wie it glês, dêr't de faem trochhinne flucht wie.
Dy wie hurd nei de buorlju ta flein om help. Doe fluchten de ynbrekkers dêr ek troch. Sy stienen it net. Sy hienen noch neat stellen.
Sa binne dy inbrekkers doe fuortrekke. De faem hie it spul ret.
('t Wie yn 'e winter en der lei snie. De faem is op bleate fuotten yn har nachtjak oer de snie nei de buorlju roan)

Beschrijving

Een echtpaar wordt 's nachts overvallen door een stel rovers. De man ziet de rovers naderen door een ruitje. Een knecht vlucht door het raam en waarschuwt de buren. Als de inbrekers het open raam zien, nemen ze de benen door hetzelfde raam.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 361, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

27 maart 1968

Naam Overig in Tekst

Honderdreed    Honderdreed   

Naam Locatie in Tekst

Readtsjerk    Readtsjerk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21