Hoofdtekst
De burgemeester is siik, mar it is eins in yngebeelde sykte. Hy yt fierstentofolle en hy is ek tige dik.
Syn frou seit: "Gean us nei dokter ta."
De burgemeester lit in professor komme út 'e stêd. Dy ûndersiket him. Hy skriuwt him in dieet foar: net folle ite, gjin fet en al sa mear.
De burgemeester seit: "Hoe sil ik nou werke en hast neat ite?" Hy seit tsjin 'e professor: "Jo kinne my de rekken stjûre, dy sil ik jo bitelje, mar jou komst wurket neat út."
De faem, dy't by har yn tsjinst is, seit: "Der wennet in wûnderdokter yn 'e stêd, dy hat in soad lju genezen."
"Och", seit de burgemeester, "hwat soe dat nou wêze kinne?"
Syn frou seit: "Wy kinne 't altyd us mei sa'n ien bisykje."
Op 't lêst seit de burgemeester: "Nou, feruit, dan mat it mar wêze."
De wûnderdokter wurdt ûntbean en dêr komt er fuort de oare deis al by de burgemeester.
As er him ûndersocht hat, seit er: "Jo matte sliepe yn it himd fan in gelokkich minske, dan binne jo genezen."
"Nou," seit de burgemeester, "sa'n ien tref ik wol. Dat is samar klear."
De oare moarns giet de frou der op út om in gelokkich minske to finen. De faem giet der ek op út.
Mefrou giet earst nei de doomny ta. Sy tinkt, dat sil wol in gelokkich minske wêze. Sy seit tsjin him: "Is u gelukkig?"
Doomny seit: "Dat hat der wol oan. Der binne wol gau us swierrichheden mei de gemeenteleden. Dan is dit der en dan dat. Dat gelokkich bin 'k net."
Dan giet mefrou nei meester ta.
Mar meester is èk al net gelokkich. De bern binne faek ûndogensk en hy hat it eins mar swier foar de klasse.
Dan giet se nei de boer. Dy is èk net gelokkich. Hy hat sterfte ûnder 't fé en der binne altyd noeden.
De frou en de faem geane oeral hinne. Mar in gelokkich minske fine se net.
Op 't lêst geane se wer nei hûs ta. De burgemeester sjocht sneu, dat der nergens in gelokkich minske to finen is.
Mar dan seit de faem: "Ik ken in spylman. It is in omrinder. Hy spilet altyd op 'e harmoanika. Dy is altyd like fleurich en bliid. Dy hat gjin lêst en soargen. Dy sil wol gelokkich wêze."
De burgemeester seit: "Dan mat er mar us komme."
As er foar de burgemeester stiet freget dy him: "Binne jo gelokkich?"
"Ja," seit er, "ik spylje en sjong de godgânske dei."
"Fortsjinje jo dêr neat mei?"
"Né," seit er, "hwant jild jowt alinne mar soargen en fertriet."
"Nou," seit de burgemeester, "mei 'k jou himd wol ha?"
As de man dat heart, sil er gau útnaeije.
Mar mefrou en de faem pakke him en dogge him gau it jaske en 't boezeroen út.
Mar dan stiet er yn syn naekje.
"Och," seit er, "daar sta ik in mijn naakje."
In gelokkich minske hat gjin himd oan.

Onderwerp
AT 0844 - The Luck-bringing Shirt   
ATU 0844 - The Luck-bringing Shirt.   
Beschrijving
Een burgemeester is ingebeeld ziek. In werkelijkheid eet de dikke burgemeester teveel. Een professor wil hem op dieet zetten, maar daar wil de burgemeester niets van weten. Een dienstmeisje raadt aan een wonderdokter te raadplegen. Deze raadt de burgemeester aan het hemd van een gelukkig man aan te trekken. Men vindt maar één gelukkig man, een speelman, maar die blijkt zo arm te zijn dat hij geen hemd rijk is.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 363, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
17 maart 1968
The Luck-Bringing Shirt
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21