Hoofdtekst
Ik wie mei Bareld de Meer nei Snits ta to monsterjen. Mei de strikel yn 'e binnenbûse, om to ûngetiidzjen. Mar wy krigen beide gjin wurk. Bareld sei: "Sille wy even nei Lytse Kjille ta op 'e Gerdyk? Dat wie in wiersizter.
Wy der hinne.
Kjille sei tsjin my: "Binne jo troud?"
"Ja", sei 'k.
"Krij dan mar safolle kaerten", sei se. Hja hie de kaerten út it laed helle fan 'e tafel. Hja gong by in stove op, sa kom se op 'e stoel. Sa lyts wie se.
"Om wurk út west?" sei se. "Ungetiidzje?"
"Ja."
"En gjin wurk krige?"
"Né", sei 'k.
"Mar jo hà wurk", sei se. "Dêr geane jo moarn of oaremoarn hinne. Dêr fortsjinje jo fiifentwintich of seisentwintich goune. Der komt ek in nije wei by jimmes. En jimme komme yn in nij hûs to wenjen, in hoekhûs."
Doe sei se tsjin Bareld: "Gean jo mar by de wei lâns om skrobbers to forkeapjen. Dêr kinne jo mear fortsjinje as by 't wurk."
Ik wie noch mar krekt thús, of dêr kom Anne, dy hie in brief by him. Hy hie in boer biloofd, hy soe nei him ta to ûngetiidzjen, mar hy seach der tsjin oan. Hy woe der graech frij fan. As ik it wol fan him oernimme woe.
De oare moarns gong ik mei de brief nei de boer ta.
Hja hie ek noch sein ik moest dêr oer de bartsjes hinne en sy hie my warskôge, ik moest net oer dy bartsjes hinne fytse, hwant dan kommen der ûngelokken. Ik moest der oer hinne stappe.
It kom allegear krekt sa út. Der leinen bartsjes. Ik bin der altyd oer hinne stapt, jier op jier. Hwant ik ha jierrenlang foar dyselde boer ûngetide.
De nije wei kom der ek en wy kommen yn in hoekhûs.

Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Een waarzegster doet aan twee mannen voorspellingen over hun toekomstig werk en huis en maant hen voorzichtig te zijn met losse houtjes op de weg om ongelukken te voorkomen. Haar voorspellingen komen precies uit.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 364, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
12 maart 1968
Das zweite Gesicht
Naam Overig in Tekst
Bareld de Meer   
Bareld   
Lytse Kjille   
Kjille   
Anne   
Naam Locatie in Tekst
Snits   
Gerdyk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21