Hoofdtekst
Ik haw ek by in frommes yn Grins west. Dat wie in sikere W. Kortstra. Sy wenne yn 'e Meeuwerderstraat. Us hûs op 'e Dwarsfeart wie krekt ôfbrând. Myn soan hie nei de faem west mei de auto. De nachts nei de brân woarde myn soan om ien ûre oanhâlden troch de plysjes.
De oare deis gong ik nei de kaertlizter ta, hwant ik woe wite hoe't it komme soe. Ik liet har it portret sjen fan myn soan, dy't oanhâlden woarn wie.
"Kinne jo hwat fan dizze persoan fortelle?" frege ik har.
Hja lei kaerten om 't portret hinne.
"Mijnhear," sei se, "deze persoon is op wandeltocht. Hij is al losgelaten en praat al met iemand buiten."
It kloppe as in bus. Se hienen him nei in pear ûren wer loslitten.

Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Een waarzegster voorspelt dat een jongen die vastzit op verdenking van brandstichting, wordt vrijgelaten. Het komt precies zo uit.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 364, verhaal 7 (archief MI)
Commentaar
12 maart 1968
Das zweite Gesicht
Naam Overig in Tekst
W. Kortstra   
Naam Locatie in Tekst
Grins   
Meeuwerderstraat   
Dwarsfeart   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21