Hoofdtekst
Alde Kei Anne hie sawn jonges. Ien fan dy jonges wie in wjerwolf. Dy koe net sêd. Dêr koenen se ek net mei opsjitte. As se meielkoar iten krigen, wie hy altyd de earste dy't it op hie en hy woe 't iten fan 'e oaren èk noch ha. De bern koenen o sa min mei elkoar. Dat kom fan dy iene.
Op in kear wie Anne fuort. 't Ald-minske siet yn 'e hoeke. Sy wie sa binaud by al dy jonges.
Doe kom der in lyts mantsje foar by de gevel lâns. Dy kom yn 'e gong. Oant twa kear ta woarde de doar iepensmiten. De trêdde kear woarde de doar wer iepensmiten, mar doe bleau er iepen stean.
Alle sawn jonges fleagen by har mem yn 'e hoeke, sa binaud wienen se.
Doe kom der in gedaente binnen mei in soarte fan pypke yn 'e mûle. Hy hie hiele gleone egen. En hy is fordwoun as in stik fjûr oer de flier.
Letter wie der mei de jonges neat to dwaen.

Onderwerp
TM 3107 - De zevende zoon is een weerwolf of beschikt over bijzondere gaven   
Beschrijving
Een weerwolf - één van zeven jongens - is bij het eten nooit verzadigd. Eens kwam er een klein mannetje met een pijpje in zijn mond en gloeiende ogen bij de jongens thuis. Tot drie keer toe smijt het mannetje de deur open. Het mannetje verdween als een vuurtje over de vloer.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 364, verhaal 15 (archief MI)
Commentaar
12 maart 1968
Bij zeven zonen zit een weerwolf
Naam Overig in Tekst
Kei Anne   
Anne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21