Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ036512

Een sprookje (mondeling), dinsdag 16 april 1968

Hoofdtekst

Der wie in man, dy moest in hûshâldster ha. Hy hie in adfortinsje yn 'e krante hawn en doe kommen dêr trije tagelyk op delsetten.
"Gean mar sitten", sei de man.
Sy liken alle trije wol aerdich en geskikt, dat hy wist eins net hoe't er dit ha moest.
Hy tocht in skoftsje nei en doe sei er: "Ik wyt rie. Ik sil jimme alle trije oan 't pankoekbakken sette."
De earste bigong. Doe't de pankoek oan ien kant brún wie smiet se him in ein yn 'e skoarstien op en heinde him oan 'e oare kant wer op.
Doe kom de twadde oan 'e beurt. Dy smiet de pankoek mei sa'n krêft omheech, dat hy fleach troch de skoarstien hinne. De faem roan hurd nei bûten ta en dêr fangde se de pankoek wer op, moai oan 'e oare kant.
Mar de lêste bakte de pankoek gewoan. Hja kearde him foarsichtich om mei 't pankoekmes.
Doe sei de man tsjin de lêste: "Jo kinne bliuwe."
Hwant hy seach út dit pankoekbakken, dat hja de bisteklikste wie.



Onderwerp

VDK 0864* - Pannekoekbakken als vrijertest    VDK 0864* - Pannekoekbakken als vrijertest   

Beschrijving

Een man zet een advertentie omdat hij een huishoudster zoekt. Als drie aardige kandidates zich aanmelden, besluit hij hen te testen door ze alledrie aan het pannenkoeken bakken te zetten. De eerste bakt de pannenkoek aan een kant mooi bruin en gooit hem soepel door de schoorsteen omhoog en vangt hem even behendig weer op. De tweede slingert de pannenkoek met zo'n kracht omhoog, dat hij dóór de schoorsteen naar buiten vliegt. De vrouw rent naar buiten om de koek daar elegant op te vangen. De derde draait de gebakken pannenkoek voorzichtig om met een pannenkoekmes. De derde kan blijven.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 365, verhaal 12 (archief MI)

Commentaar

16 april 1968
Pannekoekbakken als vrijertest

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21