Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ036809

Een mop (mondeling), dinsdag 23 april 1968

AukedeWal4.jpg

Hoofdtekst

Der wie in hin, dy kom by de boer. Hy wie in swalker en woe dêr graech bliuwe.
"Hwat kinstû?" frege de boer.
"Ik kin aeijen lizze", sei de hin. "Dû meist hjir bliuwe", sei de boer.
Doe kom der in koe by de boer. Dat wie ek in swalker en dy woe dêr ek graech bliuwe.
"Hwat kinstû?" frege de boer.
"Ik jow molke," sei de koe, "dêr kinne se bûter en tsiis fan meitsje."
"Dû meist hjir bliuwe", sei de boer.
Doe kom der in bolle. Dy mocht ek bliuwe, mar de boer frege him net hwat er koe.
Der wie ek in zebra by de boer. Dy zebra frege de hin: "Hwat dochstû hjir?"
"Ik liz aeijen", sei de hin.
Doe frege de zebra de koe: "Hwat dochstû hjir?"
"Ik jow molke", sei de koe.
Doe frege de zebra de bolle: "Hwat dochstû hjir?"
"Dat sil 'k dy toane", sei de bolle. "Mast dyn pyamajaske mar ris útlûke."

Beschrijving

Een zwervende kip antwoordt eieren te kunnen leggen, als de boer naar haar kunnen vraagt. De kip mag blijven. Ook een koe die zegt melk te kunnen geven, mag om die reden op de boerderij blijven. Een stier mag ook blijven, maar de boer vraagt het dier niet wat hij kan. Als een zebra de stier vraagt wat hij op de boerderij doet, antwoordt de stier dat hij dat de zebra zal laten zien als die zijn pyjamajasje uittrekt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 368, verhaal 9 (archief MI)

Commentaar

23 april 1968

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21