Hoofdtekst
Der moest us ergens in tsjerke opknapt wurde. De timmerlju, dat wienen froeger altyd bysfeinten.
Der stie yn dy tsjerke in doomny, dy hie de gewoante by it preekjen even mei de foet op 'e groun to stampen yn 'e preekstoel.
Dat wist ien fan 'e timmerfeinten. Hy gong hinne en sage de preekstoel omtrint dwarstroch fan ûnderen. Hy moest it hâlde kinne dat men der wol op stean koe, mar ek nèt mear.
De doomny preke dy sneins hiel rêstich, sûnder bombaerje. Der gebeurde hielendal neat.
De oare sneins doe wied er wer oan 't preekjen, mar doe stampte er mei de foet.
"Als ik kom," sei er, "dan kom ik haastig." En hy hie 't net sein of dêr lei er mei preekstoel en al tsjin 'e flakte.
De timmerfeint siet op 'e achterste bank en sei: "Ik hie doomny fleden wike al forwachte."

Onderwerp
AT 1825C - The Sawed Pulpit   
ATU 1825C - The Sawed Pulpit.   
Beschrijving
Een dominee preekt altijd met veel bombarie: hij zet zijn woorden kracht bij door hard met de voet op de preekstoel te stampen. Een timmerknecht zaagt van onderen dwars door de preekstoel heen. De eerste zondag houdt de stoel het. Als de dominee op de daaropvolgende zondag zijn spreuk 'Als ik kom, dan kom ik haastig' vergezeld laat gaan van een krachtig stampen met de voet, valt hij met spreekstoel en al tegen de vlakte.De timmerknecht zegt prompt 'Ik had de dominee vorige week al verwacht'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 368, verhaal 11 (archief MI)
Commentaar
23 april 1968
The Sawed Pulpit
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21