Hoofdtekst
Op in kear haw ik mei Ritske van der Meer (^) yn 't strie slept by in boer yn 'e skuorre, doe't wy op 'e klaei oan 't flaechsteppen wienen. 't Wie op in joun.
Ritske fortelde, hy soe us nei syn faem Kee ta. Hy kom út syn hûs wei en doe't er sa'n trije à fjouwerhondert meter roan hie, doe kom er op 't hoekje en dêr seach er in brunich hountsje. Hy giet op 'e knibbels lizzen, hy wol 't hountsje oanlokje. Mar 't hountsje forweecht net. Hy fielde yn syn bûse om in touke, hy woe 't meinimme. 't Hountsje bleau hiel stil stean, mar it krige egen as thépantsjes.
Doe tocht Ritske: dit doocht net. Hy komt omheech en sil nei Kee ta. Mar dêr komt in greate, swarte gedaente njonken him. Dy stapt mei him op. Hy giet mei de swarte gedaente oan Kee ta.
"Goeijenavend", sei Ritske doe tsjin de donkere man.
En hy wol him de hân jaen. Mar de hân giet dwars troch syn lichum hinne. En hy seit neat werom.
Ritske sei: "Jonge, jo ha my nou molesteard. Nou hoopje 'k dat jo my forlitte en dat ik jo net wer tref." Fuort wie de swarte gedaente.
Ritske kearde him om, giet nei Keeke ta en seit:
"Kee, ik soe earst by dy yn 'e hûs komme, dat wie 't doel, mar ik kom moarn wer, ik gean nou werom. Moarn sil 'k wol mei dy prate." Hy gong in oar paed werom.

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Een jongeman was eens onderweg naar zijn meisje, toen hij een bruin hondje tegenkwam. Hij wilde het beest graag meenemen, maar het kreeg opeens ogen zo groot als theeschoteltjes. Toen de jongeman weer verder ging, liep er opeens een zwarte gedaante naast hem. Hij wilde de donkere man een hand geven, maar zijn hand ging dwars door diens lichaam heen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 372, verhaal 2
Commentaar
17 april 1968
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.
Naam Overig in Tekst
Ritske van der Meer   
Kee   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21