Hoofdtekst
Ik wie noch mar in jonkje, doe rekke âlde Hâns Stelwagen siik. Hy woarde sa min, dat der woarde by wekke. Syn soan Japik wekke by him en de feint Klaes Bylsma. De âld man wie bitsjoend.
Doe wienen der ynienen allegear swarte katten achter hûs, 't wie der fol. Klaes en Japik krigen elk in heafoarke en stutsen dy der yn. Mar der rekke noait ien fan dy katten dea. Sy ha Piter Poes der by helle.
De tsjoenster dat wie Age Antsje Syts.
Sy ha de kessens iepen toarnd, dêr kamen krânsen út.
(Syts wie troud mei koopman U. Dy sutele mei boekjes en potleaden ensa. Sy hâldden der in folksloazjemint op nei, dêr't alle swalkers en omrinders sliepe koenen. Koopman U. praette hwat fremd. "Tite kan niet tsjoenen", sei er.)

Onderwerp
SINSAG 0592 - Hexentier kann nicht getroffen werden
  
Beschrijving
Een man lag ziek op bed, hij was betoverd. Achter op het erf waren allemaal zwarte katten, maar die kon men niet verwonden. In het hoofdkussen van de zieke werden kransen gevonden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 373, verhaal 4
Commentaar
onbekend
Hexentier kann nicht getroffen werden
Naam Overig in Tekst
Hâns Stelwagen   
Hans Stelwagen   
Japik Stelwagen   
Klaes Bylsma   
Piter Poes   
Age Antsje Sys   
Naam Locatie in Tekst
Tite   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21