Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ037313

Een sage (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Op it Barrahûs, tichte by Ljouwert wenne froeger in boerehûshâlding. De lju soenen krekt op bêd, doe kommen der noch twa by de doar, in man en in frou, dy woenen dêr graech nachtforbliuw ha. Sy waerden ynlitten. Dêr wie noch ien, dat wie in soldaet op 't hynder, dy hie al earder op 'e joun frege om ynkertiering.
Dy soldaet dy fortroude 't saekje net. Hy sei doe't er even mei de boer allinne wie: "Ik fortrou dy lju net. Ik leau dat it beide keardels binne. De iene hat frouljusklean oan."
Hy sei: "Jo matte ús elk in apel tasmite. In frommes fangt in apel yn 'e skoat op, mar in man heint him yn 'e hannen."
Doe krige de boer apels. Sy sieten by de tafel. Doe heinde it 'frommes' de apel mei de hannen.
De soldaet soe yn 't hynstehok sliepe. De man en de 'frou' yn 't hea. Mar dy soldaet, dy slepte net. Hy wie op wacht. Earst wied er yn 'e hynstestâl lizzen gong, sa dat se it allegear sjen koenen, mar hy wie der fuort stikum wer wei gong en stelde him fordekt op, wylst er in bosk strie lei op it plak, dêr't er sels lein hie.
Yn 'e nacht kommen de beide banditen op 'e hynstestâl ta.
"Dat is ien", sei de iene en doe stuts er mei it mes yn it bosk strie.
Mar de soldaet hâldde him klear en dy hat der gau regaet yn makke. Hy skeat se beide dea en rêdde sa de boer en syn húshâlding.
Doe hat de boer in standbeeld meitsje litten fan dy soldaet op it hynder. En dat stiet der nou noch.


Onderwerp

VDK 0958G* - De appelvangproef    VDK 0958G* - De appelvangproef   

ATU 0958F* - Test of Sex: Catching an Apple.    ATU 0958F* - Test of Sex: Catching an Apple.   

sinVDK 0958G* - Die Fangprobe    sinVDK 0958G* - Die Fangprobe   

Beschrijving

Een man en een vrouw vroegen een boer eens om onderdak. De soldaat die al eerder gekomen was, vertrouwde het niet helemaal. Hij dacht dat het twee mannen waren. Hij liet de boer hen een appel toewerpen. Een man vangt namelijk een appel met zijn handen, maar een vrouw vangt dit in haar schoot op. De soldaat had gelijk. Hij legde een stropop op zijn plaats neer en hield de wacht. In de nacht staken de bandieten de stropoppen met een mes. Daarop schoot de soldaat hen dood.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 373, verhaal 13

Commentaar

onbekend
De appelvangproef

Naam Overig in Tekst

Barrahûs    Barrahûs   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21