Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ037607

Een sage (mondeling), woensdag 01 mei 1968

Hoofdtekst

Ik wenne op 'e Geast. Wy hienen in buorman, dat wie Harm, dy brûkte in protte drank. Dêrtroch siet syn frou altyd yn 'e earmoed. Sy kom dan by ús om sinten to heljen, mar dat mocht ús ek net barre. Wy wienen mar earme arbeiderslju.
Ik hie in hokling, dat hie 'k op it lân fan Bindert Wiersma oan 't spit. Mar Bindert Wiersma krige hiel slim kanker en hy stoar. Mar dat hokling hie 'k altyd noch op 'e greid, dêr hie 'k permisje ta fan 'e widdou. Doe't Bindert Wiersma al slim de kanker hie, hied er altyd noch de gewoante jouns even op 'e greid to lizzen of by de bou lâns to gean.
Op in joun - doe wie Bindert al in pear maenden dea - soe ik it hokling ophelje. Doe kom der ien op 'e greid oan. Ik tocht, dat is Harm (deselde, dy't sa sûpte). Syn frou hie ús krekt wer om jild frege, mar ik hie 't wegere.
Ik tocht: nou wol er my deameitsje.
Ik krige 't spit út 'e groun. Ik tocht: as er my hwat dwaen wol, bin ik altyd klear. Mar it gong allegear hiel oars. It hokling wie deabinaud. It dier fleach mar om 't hûs hinne en doe bleau it stean foar it rút, dêr't Bindert Wiersma wenne hie.
Doe sei ik: "Smarch ding, ik sil dy wer fêst sette." En dat die ik. Mar ik bigrypte der neat fan hwat it beest doch skeelde.
Doe stie dêr Bindert Wiersma foar my yn 'e gedaente sa't ik him faek sjoen hie. Dy wie der oankaem yn pleats fan Harm. En hy wie wol tsien wiken dea.
Sa't er deis wie, sa haw ik him sjoen, hiel dúdlik.
Doe't ik thús kom, seinen se, hie ik sa wyt as in lyk west. It hokling hat him èk sjoen.


Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

Een koe is eens heel bang van een gedaante die aankomt. Pas dan ziet de eigenaar van het dier dat degene die eraan komt een kennis is die een paar weken geleden is overleden.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 376, verhaal 7

Commentaar

1 mei 1968
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.

Naam Overig in Tekst

Geast    Geast   

Harm    Harm   

Bindert Wiersma    Bindert Wiersma   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21