Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ038102

Een sage (mondeling), donderdag 02 mei 1968

Hoofdtekst

Binne en Jelle Hooijenga wienen bruorren. Sy wennen op 'e Sumarreheide en gongen wol us to murdejeijen. Hwat ik hjir nou fortel, ha se my sels forteld.
Sy hienen us to murdzjen west nei Sigerswâld ta (ûnder Garyp). Der wienen froeger houtsjepaden fan Sigerswâld nei Sumarreheide. Sy gongen wer op 'e heide yn. De houn wie foar har op. Sy wienen oan 't lân fan Teade Sibma ta (dat lei tsjin 'e heide oan).
Dêr komt de houn ynienen werom rinnen en komt by har. Hy rint achter har lâns.
"Hwat mankeart dy houn?" seit Binne, "hy koe wol bang wêze."
Hja gongen oer 't hout hinne en dêr seagen se hwat op it lân. It wie krekt in mistbank. Dêr wie dy houn deabinaud foar.
"Hwat kin dit wêze?" sei Binne.
Der kommen in pear jonge hyns oan en dy fleagen dwars troch dy mistbank hinne. Dus dy seagen it net.
De mistbank bleau sitten.
Binne sei: "'k Wol wite, hwat it is."
Binne roan der op ta. Earst bleau de mistbank op 't selde plak, mar doe't Binne tichterby kom, kom 't ek tichterby. Dêr hie Binne it net op stean. Hy gong tobek.
Even letter sei er: "Ik wol 't noch us bisykje."
En hy roan dy kant wèr út. Mar doe kom 't wèr op him ta.
Doe woarde Binne binaud.
Sy ha noait witen, hwat dit west hat.

Beschrijving

Twee broers komen op het land in aanraking met een mysterieuze mistbank die beweegt.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 381, verhaal 2

Commentaar

2 mei 1968

Naam Overig in Tekst

Binne    Binne   

Jelle Hooijenga    Jelle Hooijenga   

Teade Sibma    Teade Sibma   

Naam Locatie in Tekst

Sumarreheide    Sumarreheide   

Sigerswâld    Sigerswâld   

Garyp    Garyp   

Sigerswâld    Sigerswâld   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21