Hoofdtekst
In suster fan my, doe't dat in fanke wie, hie se har foet forknoffele. Doe brocht ús mem har nei Oene Knoffelder ta. (Oene Kempenaar wie syn namme) Hy wenne yn Twizelerheide. Mem wie deabinaud foar him, hwant hy hie fan dy reade egen. Mem doarst him net oan to sjen.
"Ik mat hwat reinwetter ha", sei er. Doe die er hwat fan dat kâlde wetter tusken tûme en finger. En doe sette er de hân op 'e plakken dêr't it har sear die. "Lit it fanke nou mar wer rinne", sei er.
"Dat kin net," sei mem, "sy kin net in foet forsette."
"Jawol," sei er, "sjoch mar, de dikkens is fan 'e foet ôf." En wrachtich, dêr roan se hinne. (Hja hie de heup út 'e dop, it ankel forknoffele en de pân fan 'e knibbel.)

Onderwerp
TM 4302 - Volksgeneeskunde   
Beschrijving
Een meisje had haar voet gekneusd, haar heup uit de kom en was aan haar knie gewond. Haar moeder liet een wonderdokter water op de beurse plekken doen, en toen kon het meisje weer lopen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 382, verhaal 2
Commentaar
16 april 1968
Volksgeneeskunde
Naam Overig in Tekst
Oene Knoffelder   
Oene Kempenaar   
Naam Locatie in Tekst
Twizelerheide   
Twijzelerheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21