Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ038403

Een sage (mondeling), woensdag 08 mei 1968

Hoofdtekst

Ik hie twa omkesizzers, beide âld-feinten. 't Wienen Sipke en Taeke de Vries. Sipke is dea. Taeke wennet oan 'e âlde tramwei, dy buorket dêr hwat allinnich.
't Wie yn 'e lêste oarloch, doe wienen se togearre by de polderdyk. 't Wie op in saterdeijoune. Sy hienen dêr in skiep rinnen mei twa lammen.
't Woarde donker. Taeke sei tsjin Sipke: "Mast dêr us sjen."
Doe kom dêr in stik fjûr yn 'e loft, dat hie de foarm fan in bynstok. Dy wie boven oer har hinne gong, skean achter Garyp troch. By de polderdyk gong it ding skean troch de Wierren, op in nije plaets oan.
"Hwat wie dat nou?" sei Taeke, doe't er 't my fortelde. Ik sei: "As wy it leve, dan komme wy dat wol to sjen." En nou wite wy it: Der komt nou in wei lâns, krekt deselde plakken lâns dêr't dy gleone bynstok fan kleare fjûr doe lâns gong is.


Beschrijving

Twee mannen zagen in de oorlog eens een gloeiend voorwerp door de lucht vliegen. Later is er op die plek een weg gekomen, dus is het een voorteken geweest.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 384, verhaal 3

Commentaar

8 mei 1968

Naam Overig in Tekst

Sipke de Vries    Sipke de Vries   

Taeke de Vries    Taeke de Vries   

Wierren    Wierren   

Naam Locatie in Tekst

Garyp    Garyp   

Garijp    Garijp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21