Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ038407

Een sage (mondeling), woensdag 08 mei 1968

Hoofdtekst

Op 'e Harste stie in kroech, dêr hat Thys Jansma yn wenne. Dêr sieten us twa bruorren, dy kommen fan Burgum. Dy beiden hienen it liif fol drank. Ien fan har kocht in healpoun tabak fan 'e kastlein en doe gongen se út 'e herberch.
Sy moesten de Harsteloane lâns, dêr stienen doe oan beide kanten greate ikene beammen.
De beide Burgumers seinen it mâl op en flokke net to min. De iene hie it healpoun tabak ûnder 'e earm. Dêr hied er in toppe útskuord en sein: "Dêr duvel, fret dû dat op!"
In eintsje fierder hied er wer itselde dien en sein: "Dêr duvel, hast wer in toppe."
Mar doe wie der in ding út 'e loft fallen, krekt op syn kop. Syn broer seach it en wie sa binaud woarn, dat hy kroep achter in beam. Dêr seach er hwat der gebeurde. Dêr wie wer in ding fan boven fallen kom, dat kom ek wer op syn broer del. It wie krekt in ding as in wanne. It gebeurde wol seis kear dat dat ding op syn broer del kom. 't Wie krekt in wanne foar in wine wei.
Doe't it gebeurd wie, kom syn broer achter de beam wei. Hy wie deabinaud. Hy seach net mear nei syn broer om, mar makke dat er yn Burgum kom. Dêr fortelde er, hwat der mei syn broer gebeurd wie. Net ien dy't der hinne doarst. 't Wie op in tongersdeijoun.
De freed-to-moarns hat ien mei in frachtkarre him dêr foun. Hy hie de kop achterstofoar op 'e romp en wie sa blau as laei. Hy wie kroandea.
De minsken mijden dêrnei de Harsteloane, dêr doarsten se by nacht net mear lâns.


Beschrijving

Twee broers kwamen eens dronken uit de kroeg. Ze liepen te vloeken en tieren. De ene noemde daarbij ook twee keer de naam van de duivel. Opeens viel er iets uit de lucht vallen, bovenop hem. Dit gebeurde nog zes keer. De ander stond even vanachter een boom te kijken, maar is er toen vandoor gegaan. De volgende dag werd het lijk van de man gevonden; hij was helemaal blauw en zijn hoofd zat achterstevoren op zijn romp.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 384, verhaal 7

Commentaar

8 mei 1968

Naam Overig in Tekst

Thys Jansma    Thys Jansma   

Naam Locatie in Tekst

Harste    Harste   

Burgum    Burgum   

Harsteloane    Harsteloane   

Harstelaan    Harstelaan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21