Hoofdtekst
Wy ha ris mei ús trijen op 'e fyts nei Hinke Kaert west. Dy wenne op Nijebrêge. Ik en myn broer en Jan.
Myn broer wie de âldste, dy kom it earst oan 'e beurt.
"Hwat binne jo ûngelokkich", sei se tsjin him.
"Ja?" sei myn broer.
"Ja," sei se, "jou frou falt der soms samar hinne."
Dat kloppe.
Doe kom ik oan 'e beurt. Ik sei út 'e gek: "'t Sil my binije hwat frou ik krij."
"Nou, nou," sei se, "jo binne al troud." (dat wie ek sa) "Jo krije noch us in pet op mei in reade bân der om."
It klopte. Ik woarde wegwerker nei forrin fan tiid.
Tsjin Jan sei se: "Jo matte aenst oppasse. Jo krije aenst in ûngelok." Dat is ek gebeurd. Hy foel mei de fyts doe't hy yn 'e Gerdyk mei de fyts yn 'e tramrail rekke op 'e weromreis.

Beschrijving
Drie jongemannen kwamen eens bij Hinke Kaert. Van de een wist zij dat diens vrouw soms zomaar neerviel. Van de ander wist zij dat hij al getrouwd was, en dat hij eens met een pet met een rode band op zou lopen. Dat klopte, want hij is wegwerker geworden. De derde voorspelde ze dat hij heel snel al een ongeluk zou krijgen. Op de terugweg is hij toen met zijn fiets in de tramrails gekomen en gevallen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 388, verhaal 9
Commentaar
31 mei 1968
Naam Overig in Tekst
Hinke Kaert   
Nieuwbrugge   
Jan   
Naam Locatie in Tekst
Nijebrêge   
Gerdyk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21