Hoofdtekst
Ik haw ris by lytse Kjille west, dy wie kaertlizter op 'e Gerdyk. Ik wie doe krekt troud en sahwat twintich jier. Ik gong der foar aerdichheit hinne.
"O heden," sei se, "jou takomst liket goed. As jo hwat wolle, der leit heide njonken jou hûs. Dat matte jo altyd keapje."
Ik sei: "Dan mat ik jild ha."
Doe sei se: "Dat leit foar jo klear."
Wy hienen noch gjin bern. Ik frege har: "Krije wy ek bern?"
"Ja," sei se, "mar ûneven." Dat is ek útkom.
"Dêr't jo komme to wenjen," sei se, "yn dat hûs sil ek noch timmere wurde." Dat is ek gebeurd.
Mar ik ha dy heide net kocht. Mar sy hat ek net sein dat ik dat dwaen soe. Sy hat it my allinne mar oanret.

Beschrijving
Een kaartlegster raadde een pasgetrouwde jongeman aan het stuk heide naast zijn huis te kopen. Ze voorspelde dat hij een oneven aantal kinderen zou krijgen, en dat er in zijn huis nog getimmerd zou worden. Dat is allemaal uitgekomen, maar het stuk heide heeft hij niet gekocht.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 389, verhaal 4
Commentaar
31 mei 1968
Naam Overig in Tekst
Knjille   
Naam Locatie in Tekst
Gerdyk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21