Hoofdtekst
Mar it bern woarde minder en dêrom sei er op in kear tsjin heit: "Wolstû foar my nei Frânse Hinke foar it bern? It komt sa, leau 'k, net goed. Dû kinst in goune fortsjinje." Frânse Hinke wenne yn 'e Rottefalle.
"Goed", sei heit. Hy krige it mûtske fan it bern mei. Hinke sei: "Dat bern is oan 't boarst."
"Ja," andere heit, "jo ha gelyk, it bern is noch oan 't boarst." "'t Bern hat it net wei," forfette Hinke, "mar it minske. Dêr sil ik jo wol hwat guod foar meijaen."
Heit krige giele puijer mei, dêr moest de mem in théleppeltsje fol fan ynnimme, trije kear deis.
Hinke sei, it bern dronk it de mem ôf.
"Der is in âld wiif," sei se, "dêr kriget it minske guod fan en dy hat har to pakken hawn. Dat is de kweadogger."
't Wie âlde Oedze Jouk (Hindrik Holthuis syn skoanmem). Wytse Bosma hie noait oan tsjoenen leaud, mar nou moest er 't wol leauwe.
It bern knapte op.
Onderwerp
TM 4302 - Volksgeneeskunde   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Frânse Hinke   
Franse Hinke   
Oedze Jouk   
Hindrik Holthuis   
Wytse Bosma   
Naam Locatie in Tekst
Rottefalle   
Rottevalle   
Lytse Wei   
Kleine Weg   
Droegeham   
Drogeham   
