Hoofdtekst
Ik hearde us in kear fortellen fan in pear boeren út Gietsjerk: 't Wie yn 'e winter, mei ljochtmoannewaer en sy woenen der op út to murdejeijen troch de Trynwâlden, bûten op it fjild.
Doe't se al in hiel ein op stap wienen, wie der in ding oan kom, dat kom hyltyd op har ta. Sy koenen net sjen of it in minske wie. 't Wie in wyt ding. Ien fan 'e mannen wie net bang. Dy sei: "Ik doar der wol hinne."
Mei 't murdizer foarop gong hy it wite ding tomjitte. Doe wied er op in roede of fjouwer nei oan it ding ta, doe doarst er net fierder, hwant it like raer. Hy tocht: dit is gjin goed spul.
Doe gong er achterstofoar werom mei de egen rjochte op it ding. Sa hurd híj achterút gong, gong dat ding ek achterút.
Doe't er wer by de oaren kom, wie dat ding fuort.

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Een paar mannen zagen eens iets raars op bunzingjacht. Een van hen durfde het spookding wel te benaderen, maar toen hij heel dichtbij kwam, is hij achterstevoren weer terug gelopen. Het spookding ging net zo hard achteruit als hij.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 399, verhaal 3
Commentaar
16 mei 1968
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.
Naam Overig in Tekst
Gietsjerk   
Naam Locatie in Tekst
Gietkerk   
Trynwâlden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21