Hoofdtekst
Us heit en mem wienen noch feint en faem. Mem dy tsjinne yn 'e Westerein. Heit wie in lyts keardeltsje. Hy kaem by har to frijen.
Mem wie in skippersdochter, sterk en gewant.
Doe seinen de Westereinders tsjin heit en mem: Wâldpiken. Heit wie in lyts mantsje en bleau sitten. Mar mem stapte oerein en gong nei de fint ta dy't it sein hie. Sy pakte him by 't boarst en draeide him de das om, en as der gjin oaren by kom wienen, hie se him smoard. Hy hie blau om 'e holle west. (Hy hie in doek om 'e hals hawn).
Mem sei: "Ast mear ha wolst fan in wâldpyk, dan kinst mear krije."
Hy sei neat, en sy ha noait wer lêst hawn.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Een meid en een knecht hadden verkering. De jongeman was een kleine man, maar de vrouw was groot. Toen ze een keer uitgescholden werden, pakte de vrouw de kerel die dat deed en smoorde hem met de doek om zijn nek.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 399, verhaal 10
Commentaar
16 mei 1968
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Wâldpiken   
Wâldpyk   
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Westereinde   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21