Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ040004

Een sage (mondeling), zondag 02 juni 1968

Hoofdtekst

Yn Drachtster Kompenije by de feart wenne in boer. Dat wie ien fan 'e Klaes Tyssingsmanlju. Hy hie in greate rige fé.
Hoefolle feinten as dêr wol net west wienen dat stuts neat net nau. Dêr woe noait ien bliuwe, hwant it doogde dêr net.
Doe kom dêr ris in feintsje, dat wie lytse Albert (= A. Scholte). Dy wie net sa mak.
De earste joun hie de boer al tsjin him sein dat it dêr altyd nuver gong nachts.
Albert lei de jouns op bêd. Hy hie noch mar krekt it ljocht út of der woarde op 'e doarren timmere, der woarde pompe, it gong op in rinnen de mjilgong lâns, der waerd mei amers mei wetter op 'e stâllen stapt. Al dy lûden wienen dúdlik to ûnderskieden.
Albert tochte: Dat is in duvels gedonder. Hwat giet it der hjir oan wei.
Hy docht it ljocht op en sjocht yn 'e stâl. It is dêr sa stil as hwat, de beesten lizze rêstich to wjerkôgjen. Der gebeurde neat.
Lytse Albert gong wer op bêd. Hy lei noch mar krekt wer, of dêr bigong it wer.
Albert sei: "Lit it mar raek op in timmerjen gean, ik jow my noflik del."


Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

Op een boerderij gingen de knechten elke keer weg, omdat het er 's nachts altijd op een spokerij ging. Allerlei vreemde geluiden waren er dan te horen. En als men ging kijken, was er niets te zien.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 400, verhaal 4

Commentaar

2 juni 1968
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.

Naam Overig in Tekst

Drachtster Compagnie    Drachtster Compagnie   

Klaes Tyssings    Klaes Tyssings   

Albert Scholte    Albert Scholte   

Naam Locatie in Tekst

Drachtster Kompenije    Drachtster Kompenije   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21