Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ040102

Een sprookje (mondeling), vrijdag 09 februari 1968

Hoofdtekst

Antsjemuoi en Jan dy wennen togearre yn in keet. Sy hienen 't hiel krap.
Antsjemuoi sei: "'k Woe wol, dat ik hwat jild hie." Dan soe se dat en dat keapje.
Doe klonk dêr ynienen in stem út 'e skoarstien wei. Dy stem sei, Antsjemuoi en Jan mochten trije winsken dwaen.
Sy soenen krekt hwat ite en Antsjemuoi wie net op dy winsken fordacht.
Doe liet se har ûntfalle: "Ik woe wol, dat ik ynienen in dikke woarst hie."
Plof - dêr lei in dikke woarst foar har yn 't pantsje. Doe't Jan dat seach, woarde er sa lulk, dat hy sei: "Ik woe dat dy woarst dy oan 'e noas hong."
'Plof', sei de woarst. Dêr siet de woarst Antsjemuoi oan 'e noas.
Dy woarst koe dêr net bliuwe fansels. Dat Antsjemuoi sei: "Ik woe, dat dy woarst yn Laplân siet."
En dêr fleach de woarst troch de skoarstien en doe hienen se fan alle trije winsken hielendal neat.
(forteld troch myn pake Durk Pultrum)



Onderwerp

ATU 0750A - The Three Wishes    ATU 0750A - The Three Wishes   

Beschrijving

Antsje en Jan hadden het heel krap en wensten dat ze geld hadden om het een en ander te kopen. Opeens zei een stem vanuit de schoorsteen dat ze drie wensen mochten doen. Antsje liet zich daarop ontvallen dat ze wel een dikke worst zou willen hebben. Toen de worst meteen op tafel lag, werd Jan boos en wenste dat de worst aan haar neus hing. Ook dit gebeurde, en om van de worst af te zijn, wenste Antsje hem naar Lapland.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 401, verhaal 2

Commentaar

9 februari 1968
The Wishes

Naam Overig in Tekst

Antsje    Antsje   

Jan    Jan   

Durk Pultrum    Durk Pultrum   

Laplân    Laplân   

Naam Locatie in Tekst

Lapland    Lapland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21