Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ040109

Een sage (mondeling), vrijdag 09 februari 1968

Hoofdtekst

Hjir dwars oer wenne Feitse Mud. Dy tsjinne by in boer yn Oerterp. Hy hie in keppel bijen, dy brochten se op in kear achter Duerswâld nei de heide. Dat dienen se yn 'e nacht mei in greate wein mei twa hynders der foar. It wienen allegear kuorren op 'e wein. Feitse en de boer sieten togearre foar op 'e wein. Sa kommen se op 'e Mounleane.
Doe sei de boer: "'k Wol in eintsje gean." De boer gong op 't paedtsje lâns.
Doe sei er tsjin Feitse: "Feitse, hjir rint hyltyd in dikke brune houn njonken my, flak tsjin my oan. Hy twingt my om oan kant."
"Ik sei," sei Feitse, "skop him yn 'e sleat."
"Dat doch ik net", sei de boer.
Doe sei Feitse: "Kom jo mar boppe op 'e wein, dan gean ik op it paedtsje."
Doe Feitse fan 'e wein en op 't paedtsje. Doe't se in eintsje fierder wienen kom dy dikke houn njonken Feitse. Feitse biseach him goed en tocht: "Dû bist dòch in houn." "Ik sei," sei Feitse, "'k skop dy yn 'e feart."
En hy joech him in traep. De houn rolle yn 'e toarnen del.
"'k Wie in lyts eintsje fierder," fortelde Feitse, "dêr wied er wèr njonken my. Ik skopte him wèr yn 'e sleat."
Mar even letter, dat wie dan foar de trêdde kear, dêr wie dat beest wer. En wèr roan er deun tsjin Feitse oan.
Doe sei Feitse: "Ik sil dy wer yn 'e sleat skoppe."
"Net dwaen", sei de boer. Mar Feitse die 't àl.
Hy rolle yn 'e toarnen del.
Doe wienen de hynders hiel hurd bigoun to draven, dat doe't se toplak wienen roan 't swit har by de poaten del.
Dy houn dat hat in pleachbeest west.


Onderwerp

SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).    SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).   

Beschrijving

Twee mannen waren op een nacht onderweg, toen ze achtervolgd werden door een grote, zwarte hond. Ze schopten hem een paar keer in het water. De derde keer dat dit gebeurde, sloegen de paarden voor de wagen op hol.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 401, verhaal 9

Commentaar

9 februari 1968
Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).

Naam Overig in Tekst

Feitse Mud    Feitse Mud   

Duerswâld    Duerswâld   

Mouneleane    Mouneleane   

Naam Locatie in Tekst

Oerterp    Oerterp   

Molenlaan    Molenlaan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21