Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ040412

Een sage (mondeling), donderdag 16 mei 1968

Hoofdtekst

Sterke Hearke siet us in kear mei syn broer ergens by in haven yn 'e polderwurken. Dêr stie in herberch en de kastlein klage syn need us in kear oan Hearke.
"Saterdeijouns," sei er, "dan komme hjir de matroazen fan 'e boaten, en dy slagge hjir altyd alles koart en klien." Doe sei Hearke: "Wy sille jo helpe."
De saterdei-to-jouns dêroan stapten Sterke Hearke en syn broer ta de herberch yn. Sy gongen sitten en kochten elk in slokje. Dat stie noch mar krekt foar har of dêr kommen in stik of hwat matroazen oan en dy sloegen de romers foar har wei.
Hearke en syn broer kochten in twadde slokje. Mar dat gong deselde wei lâns. Doe kom Hearke oerein en sei tsjin syn broer: "Giestû even yn 'e doar stean?"
Doe pakte Hearke de matroazen ien foar ien en smiet se syn broer ta en dy smiet se op syn beurt wer ta de doar út op strjitte, krekt as it keatseballen wienen. Doe krige de kastlein gjin lêst wer.


Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Een kastelein klaagde tegen Sterke Hearke dat de matrozen elke zaterdag altijd zo vervelend deden. De zaterdagavond daarop ging Hearke met zijn broer in de herberg zitten. Ze bestelden een drankje, maar de matrozen sloegen het voor hun neus weg. Bij het tweede borreltje ging het ook zo. Toen ging Hearkes broer bij de uitgang staan. Hearke gooide de matrozen een voor een naar hem toe, en hij gooide ze een voor een naar buiten. De kastelein heeft nooit meer last van ze gehad.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 404, verhaal 12

Commentaar

16 mei 1968
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21