Hoofdtekst
Yn Twizelerheide wie 't jongfolk altyd oan 't streekjesmiten. Dêrby gong it op in swearen en swetsen en sy flokten as ketters. Dàn bigongen se to fierspringen, de lânnen yn. Hyltyd mar fierder fan hûs. Der wie ien by, dy koe ôfgryslike fier springe. Der wie hast net ien, dy't him bispringe koe.
Hy sei altyd: "Der is net in duvel dy't sa fier springe kin as ik." (Hy hie altyd ien by him, deun op 'e hoksen)
Op in kear hied er wer ien op side, dy koe iderkear in streekje fierder. Doe woarde dy oare lulk en al mar lulkeroan. Sy gongen fierder en fierder en op 't lêst wienen se oan 'e Kûkhernster feart ta.
Syn maet sei: "Toe, foruit, der oer!"
Hy antwurde: "Forrek, doch dû it."
Mar de oare deis stie der in print fan syn foet yn in stien. 't Wie in hynstepoat. Doe wist dy oare dat er mei de duvel sprong hie.
Dy duvelsprint mat der nòch wêze.

Onderwerp
SINSAG 0893 - Die Teufelsprägung   
Beschrijving
Een man beweerde dat er geen duivel was die verder kon springen dan hij. Maar op een keer sprong er iemand elke keer net een stukje verder dan hij. De volgende dag vond hij bij de vaart een afdruk van een paardenpoot in een steen. Hij had met de duivel gesprongen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 409, verhaal 8
Commentaar
november 1960
Die Teufelsprägung
Naam Locatie in Tekst
Twizelerheide   
Twijzelerheide   
Kûkhernster feart   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21