Hoofdtekst
Jan Hepkes syn omke, dat wie âlde Bindert Feikes. Dy syn forhalen wienen ek al wakker fan itselde slach. 't Siet yn dat folk.
Wy stienen us yn Doezum yn in winkel. Wy wienen dêr oan 't modderfarren. Dêr komt Bindert ek by Steffen ta de doar yn.
"Hwat is 't ûnwarich, net?" sei ien fan uzes.
"Ja," sei Bindert, "ik en Feike (syn soan) kommen us mei in fracht terpmodder fan Wetsens. Dêr moesten wy mei nei Surhústerfean ta. Doe't wy by de hege brêge kommen yn 't Dokkumer djip, stroomde it dêr bot.
Wy hienen in hynder foar de pream. Feike sei: "Dêr komme wy noait foarby, heit, sa stroomt it dêr."
Ik sei: "Dat sille wy noch us sjen."
Ik rôp oan 'e jager: "Foruit, jager!"
De jager sloech it hynder mei it tou oer de bealch, dat er goed de gong der yn krige.
Wy hienen in iepen pream mei gjin lûken der op.
Ik gong yn 'e midden op 'e knibbels lizzen oan 'e kant fan 'e pream, wylst ik it seil yn 'e hannen hie, dat ik wiidút hâldde.
Dêr kom in dikke baer fan ûnder 'e brêge troch en ik heinde sa dy dikke klap op. Doe fleach it wetter der wer by del. Doe wienen wy de brêge foarby.
Us Feike stie by 't roer, sa wyt as in deaden.
Ik sei: "Hwat seist nou, jonge?"
"Heit is in duvel", sei er.

Beschrijving
Een man loodste eens een praam met stormachtig weer onder een brug door, waarbij hij grote risico's nam.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 410, verhaal 1
Commentaar
30 mei 1968
Naam Overig in Tekst
Jan Hepkes   
Binder Feikes   
Steffen   
Naam Locatie in Tekst
Wetsens   
Surhústerfean   
Surhuisterveen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21