Hoofdtekst
In boer fan Eastemar moest us nei Ljouwert ta om jild op to heljen.
Der wienen guon dy wisten dêrfan en dêr wienen twa man by, dy loerden op him.
Dy roannen him de jouns tomjitte. Sy wienen oan Swarteweisein ta. Doe seinen se: "Hy mat dochs hast komme." Mar hy kom net. Doe seinen se: "Dan geane wy earst noch in eintsje werom."
Doe kom de boer der oan. Hy hie gâns jild by him. Doe seach er guon yn 'e fierte oankommen. 't Wie hwat skimerich. Hy tocht: "Dy mannen kinne my better net sjen." Der lei in skou omkeard yn 'e berm. Hy tocht: "Dêr krûp ik salang ûnder oant dy keardels foarby binne."
Hy lei dêr noch net sa mâlle lang, doe hearde hy dy keardels al oankommen.
Sy gongen op 'e omkearde boat sitten.
Hja praetten togearre. Hy koe alles skoan hearre. De iene wie syn arbeider.
"Hy màt komme", sei syn arbeider.
De oare sei: "As er aenst komt, hwat matte wy him dan dwaen?"
"Fuort deameitsje", sei syn arbeider.
Sy forfeelden har dêr op dy boat. Sy gongen in eintsje fierder. Sy moesten him dòch tsjinkomme, tochten se.
Doe't de boer tocht, dat se fier genôch fuort wienen, klaude dy ûnder 'e boat wei en makke, dat er thúskom.
De oare moarns kom de arbeider by him. Hy sei tsjin 'e boer: "Kom, wie de boer al wer thús?"
"Ja," sei de boer, "ik siet ûnder 'e boat, dêr't jim boppe op sieten. En dû mast meitsje datst fuort komste, en dû mast hjir noait wer op 't hiem komme."
Onderwerp
VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Jan Klomp   
Naam Locatie in Tekst
Eastermar   
Oostermeer   
Amerika   
Langeastloane   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Swartewei   
Zwarteweg   
