Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ041313

Een sprookje (mondeling), maandag 10 juni 1968

Hoofdtekst

Bouwe-om en Antsjemuoi wennen togearre yn in jiskepot. Bouwe-om moest nei de wyk ta om in ammerfol wetter. Doe fangde er in fiskje. Doe sei dat fiskje tsjin him: "Lit my wer swemme, dan meije jo trije winsken dwaen."
Bouwe-om gong nei Antsje-muoi ta. "Hwat matte wy winskje?" sei er.
Antsjemuoi sei: "In hûs."
Hy nei 't fiskje ta en doe't er rôp, kom 't fiskje boppe wetter. Hy sei: "Wy wolle graech in hûs ha!"
"Gean mar nei hûs," sei 't fiskje, "'t stiet der al."
Hy gong nei hûs ta en dêr stie Antsjemuoi al yn 'e doar fan in prachtich nij hûs.
Antsjemuoi sei: "Mast wer nei 't fiskje tagean en sizze dat wy húsrie ha wolle."
Bouwe-om wer nei 't fiskje ta.
"Wy wolle graech hûsrie ha", sei er.
"Gean mar nei hûs," sei 't fiskje, "'t stiet der al."
Mar doe wie Antsjemuoi noch net tofreden. Sy woe yn [in] kasteel wenje, sa heech, dat se har hannen yn 'e wolken waskje koe.
Bouwe-om wer nei 't fiskje ta en neamde syn winsk.
Mar doe sei 't fiskje:
"Woste boven God,
dan mar wer yn 'e jiskepot."
Doe't Bouwe-om thúskom, siet Antsjemuoi wer yn 'e jiskepot.

Onderwerp

AT 0555 - The Fisher and his Wife    AT 0555 - The Fisher and his Wife   

ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.    ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.   

VDK 0555 - The Fisher and his Wife    VDK 0555 - The Fisher and his Wife   

Beschrijving

Bouwe en Antsje woonden onder een vuilnispot. Bouwe ving eens een visje, van wie hij drie wensen mocht doen als hij hem terug het water in zou gooien. Antsje wilde graag een nieuw huis en zo geschiedde. Daarna wilde ze graag huisraad hebben, en ook dat kregen ze. Toen was Antsje nog niet tevreden en wenste ze een kasteel, zo hoog, dat ze haar handen in de wolken kon wassen. Bouwe vertelde deze wens aan het visje, maar die werd vreselijk boos en liet ze weer onder de vuilnispot wonen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 413, verhaal 13

Commentaar

10 juni 1968
The Fisher and his Wife

Naam Overig in Tekst

Bouwe    Bouwe   

Antsje    Antsje   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21