Hoofdtekst
Sahwat trije en fyftich jier lyn, yn 't bigjin fan ús trouwen hienen Klaes en ik ris togearre nei Gerrit Kempenaar yn 'e Twizelerheide ta west to jounpraten. De nachts gongen wy wer op hûs oan. Wy wienen oan 't âlde heidetsjerkhôf ta, dêr't in gracht foar lâns rint. It hountsje roan hyltyd fóár ús, mar dêr by 't tsjerkhôf gong er ynienen achter ús. Hy krûpte wei.
"Der is hwat njonken dy", sei Klaes tsjin my. It wie great en swart.
Ik seach it net, mar ik gong achter Klaes lâns nei de oare kant ta. Sa roannen wy de gracht ten einde. Wy doarsten neat to sizzen.
Doe gong 't pas fuort. It sweefde. It hie gjin skonken. Wy ha letter faek sein, dat mat in pleachbeest west ha.

Onderwerp
SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
  
Beschrijving
Een echtpaar onderweg naar huis wordt vergezeld door een zwevend plaagbeest.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 414, verhaal 1
Commentaar
3 januari 1968
Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
Naam Overig in Tekst
Klaes   
Gerrit Kempenaar   
Naam Locatie in Tekst
Twizelerheide   
Twijzelerheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21