Hoofdtekst
Der wie in feint, dy wenne by de boer. De boer sette him oan 't ploegjen. Mar doe't de boer in skoft letter kom om it wurk to bisjen, hie dy feint de furgen fan 't lân al hielendal bryk makke.
"Hoe komt dat sa jong," sei de boer, "datstû dat sa bryk dochst?"
De feint sei: "'k Ha fan dy kâlde hannen, ik ha gjin moffen oan."
"Nou," sei de boer, "gean dan nei hûs en helje dyn moffen op."
De feint gong nei de plaets. Dêr wienen de boerinne en de faem beide yn 'e keamer.
De feint sei: "Ik mat jimme beide ûnder ha. Dat hat de boer sein."
"Dat liichste," sei de frou, "dat hat de boer net sein. Dat bistiet net."
"Wedzje?" sei de feint. "Ik sil de boer wolris freegje, dan kin jim 't beide hearre."
Doe die er de bûtendoar iepen en rôp hiel lûd: "Ien of allebeide?"
"Allebeide, domme duvel", rôp de boer werom.
De feint sei: "Nou ha jim 't heard", en hy gong syn gong.

Onderwerp
AT 1563 - "Both?"   
ATU 1563 - “Both?”   
Beschrijving
Een knecht klaagde tegen de boer dat hij van die koude handen had. De boer zei dat hij dan binnen een paar handschoenen moest halen. Binnengekomen zei de knecht tegen de boerin en de meid dat hij van de boer met hun naar bed moest. De vrouwen wilden het niet geloven en dus riep de knecht naar de boer: "Een of allebei?" De boer antwoordde: "Allebei, domme duvel," en toen geloofden de vrouwen hem.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 417, verhaal 6
Motief
K1354.1 - ”Both?“   
Commentaar
10 juni 1968
"Both?"
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21