Hoofdtekst
'k Wie sahwat sawntjin jier, doe gong ik ris nei Hinke Kaert ta. Hinke sei: "Kom der yn. Even kaertlizze?"
Ik sei: "Dat wie 't doel."
Sy koe my net. Ik loek in kaertsje.
"Jo komme hjir net sa fier fandinne", sei se.
"Hjir leit nou it luchtrûm", sei se. "Se sweve. Hjir ûngefear wenje jo: noard-westelik."
Dat wie sa, ik kom fan Boarn.
"Jo binne noch jong," sei se, "jo koenen wol sa'n lyts bytsje forkearing ha."
"Ja," sei ik, "dat is sa."
"Mar it is net fan lange dûr mei dy faem", sei se.
Ik soe fuort, doe kommen der krekt fjouwer yn. Dy kommen fan Poppenhuzen ûnder Boarn. Ik tocht: nou bliuw ik noch efkes.
Ien fan dy fjouwer dat wie nochal hwat in parmantich persoan. Sy hienen by de kastlein oanstutsen, dêr hienen se in pear sûpkes hawn, en dêr hie Roel Kerkstra, dy't by in boer tsjinne, sein tsjin 'e kastlein: "Ik ha hjir in hurde goune yn 'e beurs. Wolle jo my dy even stikken meitsje? Hwant as ik him aenst dat âlde wiif jow, dan bin ik him kwyt."
Hinke wie net persoanlik. Sy lei harren de kaert.
Sy sei: "Jimme binne mei jim fjouweren. Mar nou wit ik der neat fan. Ien hie in goune yn 'e beurs, mar hy liet him wikselje by de kastlein. Dy is nochal hwat parmantich. Hy sei: - dat âlde wiif koe dy goune ris hâlde. Mar dat docht Hinke net. Mar dû moèst him wol wikselje, hwant dû hiest ek mar ien hurde goune yn 'e hiele beurs."

Beschrijving
Een jongeman was er eens bij toen vier mensen bij Hinke Kaert, de kaartlegster, waren. Een van die vier had even tevoren bij een kastelein een gulden gewisseld. Want als hij de hele gulden aan zijn vrouw zou geven, zou hij hem kwijt zijn. Hinke Kaert wist hem te vertellen dat hij dit had gedaan en dat hij maar een enkele gulden in zijn portemonnee had.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 421, verhaal 6
Commentaar
17 juni 1968
Naam Overig in Tekst
Hinke Kaert   
Boarn   
Roel Kerkstra   
Naam Locatie in Tekst
Poppenhuzen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21