Hoofdtekst
Dit gefal ha 'k ris fan in frou heard. Ik en myn arbeider wienen op in stik lân oan 't dongjen, dat wie ûnder Boarn. Doe wie 't tiid fan kofje. Dat dronken wy by de helling op.
Doe wie dêr in skipperswyfke en dy snokte. Hja hie fortriet, dat wie skoan to fornimmen.
"Hwat skeelt der oan?" frege ik.
Doe sei se: "O, it is hjir krekt itselde. Ik haw in jonkje forlern yn Terwispel troch 't wetter. Ik wie fan tofoaren warskôge. In kaertlizter hat al us sein, dat it gebeure soe. Hwat blykt? In greate, swarte wetterhoun hat it dien. It berntsje siet fêst oan 'e line by 't âld skipke. Der komt in houn út it wetter, dy skoddet him út en it berntsje stikt yn it wetter dat dy houn útskoddet."
Dêr't dat berntsje fordronken wie, wie 't krekt sa as yn Boarn by de helling.

Beschrijving
Een schipperskindje zat eens veilig vast aan een lijn in het water. Maar toen kwam er een grote hond, die zich uitschudde. Het kindje stikte in het water dat hij uitschudde. Een kaartlegster had de moeder al voorspeld dat dit zou gebeuren.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 421, verhaal 10
Commentaar
17 juni 1968
Naam Overig in Tekst
Boarn   
Naam Locatie in Tekst
Terwispel   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21