Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ042407

Een sage (mondeling), maandag 17 juni 1968

Hoofdtekst

Yn 'e Kompenije hat in hûs stien. Dêr ha achterelkoar trije man yn wenne, dy ha har alle trije ien foar ien opknope.
De earste âld man dy't der yn wenne wie syn libben sêd. Hy hong him op.
In jier of hwat letter hong him dêr wer ien op oan deselde ronge.
In jier of hwat letter wenne Harke Vegelin dêr. Dy die altyd jenever troch de tabak.
Hy gong geregeld nei de kastlein en dronk him sêd, mar it roan fêst, hwant hy hie gjin sinten mear.
Doe't de kastlein om jild frege foar de drank koed er it net bitelje.
De kastlein joech 't oan, hwant der stie in hiele rekken. Doe hat Vegelin dêr in wike foar sitten.
Dat hat er him fêst nochal hwat nei nom, hwant fuort dêrnei hat er him oan deselde ronge boven de tafel ophong.
Sûnt dy tiid, seinen se, spûke it yn dat hûs.


Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

In een huis hebben alle drie de mannen die er na elkaar woonden, zelfmoord gepleegd. Sinds die tijd spookt het in dat huis.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 424, verhaal 7

Commentaar

17 juni 1968
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.

Naam Overig in Tekst

Drachtster Compagnie    Drachtster Compagnie   

Harke Vegelin    Harke Vegelin   

Naam Locatie in Tekst

Drachtster Kompenije    Drachtster Kompenije   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21