Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ042610

Een sage (mondeling), zondag 23 juni 1968

Hoofdtekst

Durk-om (= Durk Bouvin) en Jan Taekema dy hienen togearre op 'e sutel west mei matten. Dy hienen se op in karre. De jouns kommen se werom. Sy wienen sahwat by Swarteweisein. Durk-om lei yn 'e karre en Jan Taekema luts de karre foarút. Dat dienen se beurt om beurt, dan koe de iene nou en dan hwat útrêste. Mar by Swarteweisein woe de karre ynienen net fierder. Hoe't Durk ek luts, hy kom net in tûmbré foarút. De fjilden woarden bisjoen, mar dat joech neat, dêr mankearde neat oan. Doe Durk-om lûke. Doe gong it éven wer, mar in hiel lyts eintsje. Doe bleau de karre wer stean, der wie gjin biweging mear yn to krijen.
Doe ha se de nachts dêr by in boer yn 't hea slept. De oare deis woe de karre wòl wer. Hwat hat dat nou west?


Beschrijving

Twee mannen kwamen eens terug met een kar, toen ze de kar opeens niet meer aan het rijden konden krijgen. Ze bleven overnachten bij een boer en de volgende dag reed de kar weer gewoon.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 426, verhaal 10

Commentaar

23 juni 1968

Naam Overig in Tekst

Durk Bouvin    Durk Bouvin   

Jan Taekema    Jan Taekema   

Swarteweisein    Swarteweisein   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21