Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ042625

Een mop (mondeling), zondag 23 juni 1968

Hoofdtekst

Der wie in feint, dy wie by de boer yn tsjinst. Doe't er him bistege hie, wie der akkoarte, hy soe altyd boerebûter op it iten ha.
Mar hy krige margerine.
Doe fortelde er dat oan 'e buorliuwe. En dy briefken it wer oan 'e boer oer, dat de feint dat sein hie.
't Wie krekt yn 'e winter en der wie hast gjin wurk foar de feint. De boer sei tsjin him: "Dû silst sizze dat it boerebûter wie, oars jow 'k dy dien."
"It is boerebûter", sei de feint, dy't graech wurk hâlde woe. Mar hy tocht: "Ik krij dy wol wer."
Doe wie 't simmer. Sy sieten by de boer midden yn 'e ûngetiid. 't Wie smoardrok by de boer en sy skeaten hannen tokoart.
De feint stie yn 'e golle. Der sieten hwat lytse michjes foar 't glês.
"Sjoch ris, boer," sei de feint ynienen, "sokke dikke eiberts sitte dêr foar 't glês."
"Eiberts?" sei de boer, "hoe komst der by, dat binne michjes."
"En ik siz, it binne eiberts", sei de feint.
"It binne michjes", sei de boer.
"Dû silst sizze dat it eiberts binne," sei de feint, "en oars gean ik fuort."
"It binne eiberts", sei de boer.


Onderwerp

AT 1565** - Turnips as Bacon    AT 1565** - Turnips as Bacon   

ATU 1565** - Turnips as Bacon.    ATU 1565** - Turnips as Bacon.   

Beschrijving

Toen een knecht in dienst kwam bij een boer, werd afgesproken dat hij altijd boerenboter op zijn brood zou krijgen. Maar hij kreeg margarine. Toen er in de winter weinig werk was, eiste de boer van de knecht dat hij zou zeggen dat hij boerenboter kreeg, anders zou hij hem ontslaan. De knecht gehoorzaamde. Die zomer was het erg druk met werk. Er zaten wat kleine vliegjes voor het raam en de knecht zei tegen de boer: "Kijk eens wat een dikke ooievaars er voor het raam zitten." De boer zei dat het geen ooievaars waren, maar vliegjes. De knecht zei dat als de boer niet zou zeggen dat het ooievaars waren, hij ergens anders zou gaan werken. "Het zijn ooievaars," zei de boer.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 426, verhaal 25

Commentaar

23 juni 1968
Turnips as Bacon

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21