Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ042901

Een sage (mondeling), donderdag 20 juni 1968

Hoofdtekst

Us âlde beppe wie yn tsjinst by de boer. Dêr tsjinne ek noch in oare faem by dy boer. Dy faem hie forkearing mei in feint, dy't op sé fard hie.
Op in kear doe nom dy feint har in koeke mei.
Dy koeke die de faem yn ien fan 'e koperen earnamers, dy't oan 'e souders hongen, yn 'e keuken.
Doe sieten se dêr in kear to iten. Beppe sjocht omheech en dy iene earnamer slingert hinne en wer.
Doe stompte ús beppe dy oare faem oan.
It fanke seach it en woarde bleek. Sy sei tsjin 'e boer:
"Mat jo us even sjen, boer."
De boer sei: "Dû mast noait fan dy koeke ite."
De boer gong hinne en stjûrde syn eigen knecht nei de faem har frijer ta, dy't har dy koeke brocht hie.
Mei it boadskip: "Mast sizze, dat dat fanke siik is. (mar dat wie sa net) Hy mat komme."
Doe hie dy frijer tsjin 'e knecht sein: "Ik kom net, mar jim matte har mar in mingel feare koemolke jaen."
Dat boadskip brocht de knecht oer. Mar doe sei de boer: "Dat is hielendal net noadich, dat hja dy molke opdrinkt, hwant dêr skeelt har neat. Sy hat noch net fan dy koeke iten. Dy molke dogge wy op 'e koeke."
Doe krigen se de earnamer en doe siet dêr in levende slange yn. De koeke wie yn in slange foroare.
Sy geaten dêr de molke op en doe forroan de slange wer. De faem hat de forkearing útmakke.


Beschrijving

Een boerenmeid had verkering met een jongen op zee. Op een keer kreeg ze een koek van hem, die ze bewaarde in een koperen melkemmer die in de keuken hing. Op een dag zagen ze de melkemmer bewegen. De boer zei dat ze niet van de koek mocht eten, omdat ze dan betoverd zou raken. Hij stuurde een van de knechten naar de zeeman met de boodschap dat zijn meisje ziek was. De vrijer zei dat hij niet kwam, maar dat ze melk moest drinken. Toen de knecht terug kwam, vonden ze in de melkemmer niet meer de koek, maar een slang. Ze gooiden melk over het dier, en toen verdween het weer. De meid heeft de verkering uit gemaakt.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 429, verhaal 1

Commentaar

20 juni 1968

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21