Hoofdtekst
By ús beppe wie ien fan 'e bern bitsjoend. Pake gong nei Wopke ta to Kûkherne.
Wopke frege of pake wol hurd rinne koe.
"Jawol," hie pake sein, "'k ha nije klompen oan."
Wopke joech pake guod mei. Doe gong pake troch in stik lân mei beesten. Dy sieten allegear achter pake oan. Pake rinne om 't leven. Hy rekke yn 'e sleat en de beesten der boven. Mar hy kom der troch.
Pake en beppe wennen doe op 'e Tille. Sy wennen yn 'e helte fan in dûbel hûs. Yn 'e oare helte wennen twa froulju. Dat wienen susters.
It bern gûlde altyd. Doe wie pake thúskom mei de drank fan Wopke. Dêr hienen se 't bern hwat fan ynjown. Doe foel it bern yn 'e sliep.
Doe gong ús beppe gau to doekútspielen, omt it bern even stil wie. Wylst beppe oan 't spielen wie mei de doek, helle ien fan 'e froulju it bern út 'e widze wei en sei: "As ik dy bitsjoend ha, dan sil 'k dy ek wer better meitsje." Doe't beppe wer yn 'e hûs kom, wie 't bern dêr net.
Beppe pake roppe. Pake mei de bile nei 't âld-wiif. De doar wie fêst. Pake rôp: "De doar iepen en oars kap ik dy de kop yn."
Doe krige er 't bern wer. Doe hie de poppe al in krâns yn 't kessen. Dy krâns wie omtrint klear. Oars hie 't bern dea west.

Onderwerp
TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   
Beschrijving
De vader van een ziek kind ging eens naar Wopke, de duivelbanner. Op de terugweg ging hij door een weiland heen. Alle beesten kwamen hem achterna, en hij kwam in de sloot terecht. Thuisgekomen nam het kind wat van het drankje dat Wopke had meegegeven. Het kindje viel in slaap en de ouders gingen even naar buiten. Toen ze weer terugkwamen, was het kind verdwenen. Ze gingen met een bijl naar de buurvrouwen en dreigden de vrouwen de kop af te hakken. Toen kregen ze het kind weer terug. In het kussen van het kind vonden ze een krans.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 429, verhaal 9
Commentaar
20 juni 1968
Het drankje van de duivelbanner
Naam Overig in Tekst
Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Tille   
Kûkherne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21