Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ043408

Een mop (mondeling), zondag 30 juni 1968

Hoofdtekst

Der wie ris in skuonmakker, dy wenne yn 'e Rottefalle. 't Wie mar in bihyndich mantsje.
Op in kear, doe wied er oan 't skuonmeitsjen, doe lei der in stikje bôlle foar him op 'e tafel. Dêr siet sjerp op. Dêr kommen in hiele protte miggen op ôf. It skuonmakkerke sloech der mei de riem nei en doe sloech er sawn fan dy miggen dea.
Doe gong er hinne en skreau er op in stik papier:
Ik sla zeven in één slag dood. Dat stik papier spjelde er oan 'e pet fêst.
Doe gong er op stap. Underweis foun er in stik âld weak brea. Dat die er yn in sekje, dat er by him hie.Doe siet der in fûgel op in takke. Dy fangde er en dy die er ek yn 't sekje.
Doe kom de reus him yn 'e mjitte. De reus dy lêsde hwat der op 'e pet stie. Doe sei dy reus: "Hwat soestû lyts mantsje kinne. Mast ris sjen hwat ik kin." En doe krige dy reus in grouwe beam beet en bûgde de stamme samar krûm.
Doe krige 't lyts mantsje dy beam ek beet, doe liet de reus him los. En doe fleach dat lytse mantsje in hiel ein de loft yn.
Doe sei de reus: "Nou kinne wy dan sjen hoe swak astû bist. Kinst de beam net iens hâlde."
Mar it skuonmakkerke sei: "Sa fluch bin ik."
Doe krige de reus in stien. Dy knypte er sa bot, dat er fyn woarde.
"As 't oars net is", sei de skuonmakker. Hy krige syn stik brea út 'e sek en sei: "Sjoch, ik kniip sa bot, dat it fochte der út komt."
Doe naem de reus in stien en sei: "Wy sille ris sjen hwa't it heechste smite kin." En hy smiet de stien sa heech, dat it duorre wit hoe lang, ear't er werom kom.
De skuonmakker sei: "Ik kin wol sa heech smite, dat er hielendal net werom komt." Hy helle de fûgel út 'e sek en liet him fleane.
Sa hie er it fan de reus woan.



Onderwerp

AT 1640 - The Brave Tailor    AT 1640 - The Brave Tailor   

ATU 1640    ATU 1640   

Beschrijving

Er zaten eens zeven muggen op een stukje brood. De schoenmaker sloeg ze in een klap allemaal dood. Op een stuk papier schreef hij: "Ik sla zeven in één slag dood." Dit spelde hij vast op zijn pet en hij ging op stap. Onderweg vond hij een stuk oud brood en een vogel. Een reus las wat er op zijn pet stond en liet zien wat hij kon: hij nam een grote boom en boog deze krom. De schoenmaker pakte ook de boomstam, maar juist op dat moment liet de reus los. Het mannetje vloog de lucht in en liet daarmee zien hoe snel hij was. De reus nam een steen, en kneep deze helemaal fijn. De schoenmaker nam daarop het stukje oud brood uit zijn zak en kneep deze zo fijn, dat het vocht eruit liep. Toen gooide de reus een steen zo hoog in de lucht dat het heel lang duurde voordat deze weer op de grond terug kwam. De schoenmaker haalde het vogeltje uit zijn zak en gooide die in de lucht. De reus dacht nu dat hij de steen zo hoog gegooid had, dat hij helemaal niet meer terugkwam.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 434, verhaal 8

Commentaar

30 juni 1968
The Brave Tailor

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21